Kowe-tbc ferrast feedokter

30 aug 2010 - 12:44

Feedokter Jaap Harkema fan Boalsert is ferrast troch de útbraak fan kowe-tbc op in melkfeebedriuw yn Eksmoarre. Harkema kaam op it bedriuw fan Bouke Wiersma fanwege in sike ko en konstatearde dat de longen fan it bist net goed wiene. Neidat it bist slachte en ûndersocht wie, kaam de tbc nei foaren. 28 kij binne ôfmakke.

It bedriuw is op slot set en mei gjin fee ferhannelje. Dat jildt ek foar tsientallen bedriuwen dy't kij kocht of ferkocht hawwe oan it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)