Henk de Jong trainer by Emmen

30 aug 2010 - 11:48
  • Henk de Jong

Henk de Jong wurdt nei alle gedachten trainer fan FC Emmen. Beide partijen binne yn petear en hoopje der yn koarten út te kommen. De Jong wol tagelikertiid ek trainer fan topklasser Harkemase Boys bliuwe.

Harkemase Boys woe earder net meiwurkje oan in oergong fan De Jong nei Cambuur. Mar de klup joech him no tastimming om te praten. Der is noch gjin kontakt mei Emmen west. De Jong hat it diploma coach betelle fuotbal net. Hy krijt foarearst kompensaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)