Soargen SGP oer rêdingboat

De SGP yn de Twadde Keamer makket him soargen oer de rêdingsboat fan It Amelân. Dy kin op it stuit net by alle waartypen útfarre omdat de fargeul net djip genôch is. Utbaggerje mei net fanwege de ekologyske regels op it Waad. Keamerlid Elbert Dijkgraaf hat hjir keamerfragen oer steld oan de minister. Neffens him kin it net sa wêze dat de natoer boppe de feiligens fan minsken giet.
Dijkgraaf wol dat der in ûntheffing komme moat foar it útdjipjen.