Strjitrôf yn Ljouwert

30 aug 2010 - 09:53

De plysje ûndersiket de berôving fan in 20-jierrige man út Ljouwert yn de Dirk Boutstraat yn syn wenplak. De man ried dêr sneintejûn op de brommer, doe't in ûnbekende man de dyk opstapte en him ûnder bedriging mei in mes stil hold.

It slachtoffer waard twongen syn beurs mei dêryn in pear hûndert euro ôf te jaan. De dieder wie tegearre mei in oare man. Nei de berôving naaiden se út. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen hawwe op om har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)