Kramer rint PR op 10 kilometer

29 aug 2010 - 16:02
  • Mariska Kramer

Hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten hat yn it Noard-Hollânske Hem in nij persoanlik rekôr rûn op de tsien kilometer. It nije rekôr stiet no op 34 minuten en 37 tellen. It âlde rekôr stie op 34 minuten en 59 tellen.

Kramer waard twadde yn Hem achter Ruth van der Meijden. Sy wûn yn in tiid fan 34 minuten en 29 sekonden. It kommende wykein rint Mariska Kramer it Nederlânsk Kampioenskip op de tsien kilometer yn Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)