Frachtwein te wetter by Akkrum

De frachtwein yn de sleat njonken de A32 (foto: Alex Zwart)
In frachtwein mei muzykapparatuer is sneintemoarn tusken Akkrum en Grou te wetter rekke. De frachtwein bedarre troch ûnbekende oarsaak yn de berm en kantele oanslutend yn de sleat lâns de A32. Plysje, ambulânse en brânwacht ferlienden assistinsje.
De muzykapparatuer, dy't ferpakt siet yn kisten, bedarre foar in grut part yn it wetter. Inkelde kisten dreaune in ein fuort. De brânwacht hat alles út it wetter helle. Frachtauto en apparatuer binne net mear te brûken.