Fjochtpartij: plysje grypt yn

29 aug 2010 - 13:45

De plysje moast sneontenacht yngripe by in fjochtpartij yn in hoarekasaak yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. De fjochterij wie ûntstein nei oanlieding fan de mishanneling fan in frou (23). In jonge (18) hie oan har sitten en dat pikte de frou net.

Sy joech de jonge in klap yn it gesicht. Dy sloech de frou mei in flesse op 'e holle. Dêrop ûntstie in fjochtpartij dêr't ferskate minsken oan meidiene. De plysje hat de jonge oppakt. De frou moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)