Frouljuskeatsen Makkum staakt

29 aug 2010 - 13:33

De frije formaasjewedstriid foar haadklasse froulju yn Makkum is snein healwei de earste omloop staakt. Hurde wyn en reinwetter makken fierder keatsen net mooglik.

Der stiene yn Makkum acht partoeren op de list. Dêrby ek it partoer fan Afke Hijlkema, dat ôfrûne woansdei noch de frouljus-PC wûn. Sa't it no stiet wurdt de frije formaasjewedstriid yn Makkum dit seizoen net mear ynhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)