Soad folk op drafbaan Wolvegea

29 aug 2010 - 11:56
  • De start fan de earste koers op Victoria Park (foto's: Lenus van der Broek)
  • De winner fan de earste koers, Hans Tambach mei de eigners fan Victoria Park

Mear as 4.000 minsken kamen sneon nei Victoria Park, de fernijde drafbaan yn Wolvegea. Foar it earst dit jier waard dêr koerst. Troch finansjele en bestjoerlike problemen like it der op as soe der nea wer draafd wurde. Mar in oername fan it sintrum troch hynstefokkers Casper Veldink en John Bootsman soarge foar in nije start.

It kompleks is opknapt en hat no in grutte sakelounge, fergaderromtes en in evenemintehal mei grutte skermen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)