Drokte by de Fryske musea

It Snitser skipfeartmuseum yn de steigers
Wylst bûteneveneminten lêst ha fan it minne waar, soarget datselde waar foar ekstra drokte by de Fryske musea. Troch de rein fan 'e ôfrûne tiid krije it Fries Museum en it Natoermuseum yn Ljouwert hûnderten ekstra besikers.
Ek museum Smellingerlân hat 40 oant 50 ekstra besikers yn de wike. Sels bousteigers steane ekstra besikers net yn it paad wei, want ek it Frysk Skipfeartmuseum dat op it stuit ferboud wurdt, hat dizze moanne folle mear besikers lutsen as ferline jier.