Oanfarring op 'e Iselmar

Der hat sneontemiddei om 12 oere in oanfarring west op de Iselmar. In sylsjarter en in syljacht kamen mei-inoar yn botsing. De rêdingsboaten fan Hylpen en De Lemmer binne ynset om te helpen. It sjarterskip mei sechstjin opfarrenden makke wetter, it syljacht mei acht minsken oan board, hie skea oan de seilen.
Net ien fan de opfarrenden rekke ferwûne by de oanfarring. Beide skippen binne nei de haven fan De Lemmer brocht.