Soad folk by opgravings Jelsum

28 aug 2010 - 15:31

Der wie sneon in soad belangstelling foar de iepen dei fan de opgravings yn Jelsum. Sa'n tûzen minsken hawwe, ûnder begelieding fan archeologen, in rûnlieding krigen yn it binnenste fan de terp dy't yn Jelsum stien hat.

De ieuwenâlde berneplasse, dy't de ôfrûne wike fûn waard, luts in soad belangstelling. Takom jier wurdt der wer sa'n iepen dei organisearre, by in opgraving dy't dan plakfynt. Dat sil nei alle gedachten wer yn it noarden fan Fryslân wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)