Plysje treedt op tsjin racerij

28 aug 2010 - 14:20

De plysje hat freedtejûn op en yn de omkriten fan de Junokade en de Neptunuswei yn Ljouwert kontrôles útfierd yn ferbân mei oanhâldende klachten oer racerij. Fan twa racende bestjoerders, twa 19-jierrige ynwenners fan Drachten, waard it rydbewiis ynnommen.

Sy rieden 120 kilometer de oere, wylst op dat stik fan Ljouwert 50 km de oere de maksimumsnelheid is. De plysje sil yn de takomst faker op dizze lokaasje kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)