Kennedymars: 500 kuierders

© Omrop Fryslân
Sa'n 500 kuierders binne freedtejûn by Walterswâld begûn oan de Kennedymars. De tocht wurdt dit jier foar de fjirde kear hâlden. Om 10 oere binne se útein set foar har tocht oer 80 kilometer.
Nochris goed 250 minken rûnen sneon oerdei de 40 kilometer. De rûtes geane foar in grut part troch de Wâlden. Der binne 23 minsken ûnderweis útfallen troch blessueres. De dielnimmers meie oant 6 oere fan 'e middei binnenkomme.