Ynstruier foar KNRM Skier

© Omrop Fryslân
It rêdingsboatstasjon fan de KNRM op Skiermûntseach hat in leuk bedrach oerhâlden oan de oanlis fan de nije wenwyk op it eilân. De belutsen bedriuwen hiene meielkoar in pot makke, dêr't se by de oplevering fan it wurk in feest fan hâlden ha.
Neidat alle kosten betelle wiene, bleau der lykwols noch in flink bedrach oer. Dat jild hawwe se skonken oan it rêdingsboatstasjon, dy't dêr wol in goede bestimming foar hat.