De Visscher praat mei Emmen

27 aug 2010 - 22:56

Jeffrey de Visscher fan Cambuur is yn petear mei Emmen. De Visscher mei fuort fan Cambuur, omdat hy net yn de plannen fan trainer Menzo foarkomt. Neffens Cambuur direkteur Alex Pama binne sponsors fan Emmen ree om it salaris fan De Visscher te beteljen.

Cambuur praat moandei mei ferdigener Kaj van Hese fan ADO Den Haach. Cambuur wol Van Hese graach hawwe. It is neffens de Cambuurlieding in goeie linker fleugelferdigener.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)