Kowe-tbc yn Eksmoarre

27 aug 2010 - 19:38

Op in melkfeebedriuw yn Eksmoarre is rundertuberkulose ûntdutsen. In bistedokter kaam de tbc ein july op it spoar by in ko dy't slachte wie. De sykte is dêrnei fêststeld by mear kij.

De besmette bisten binne romme om fierdere fersprieding foar te kommen. De VWA, de voedsel en warenautoriteit, docht ûndersyk nei de oarsaak fan de útbraak. Kowe-tbc is besmetlik foar minsken. Jo kinne it ek krije troch it iten fan produkten fan rauwe molke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)