Provinsje wiis mei stoomtrein

27 aug 2010 - 13:47

De provinsje Fryslân is der tige wiis mei dat de Fryske stoomtrein yn de simmer fan 2011 los kin mei in eigen tsjinstregeling tusken Snits en Starum. Deputearre Jannewietske de Vries tinkt dat de stoomtrein in toeristyske topattraksje wurdt.

De stoomtrein hat yn 'e kiif stien omdat it spoar oanpast wurde moat. Dat sil no it kommende jier barre. It oanpassen fan it spoar wurdt mooglik troch bijdrage fan it ministearje fan ferkear en wettersteat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)