Kopic net ûnder it mes

De Tsjechyske Hearrenfean ferdigener Milan Kopic wurdt foarearst net opereard oan syn knibbel. Kopic, dy't op dit stuit yn syn heitelân is, hat fan de doktoaren te hearren krigen dat it better is om fjouwer oant fiif wiken rêst te nimmen om it herstel te befoarderjen.
De blessuere is in grutte ôffaller foar Kopic. De Tsjech kaam yn syn earste twa seizoenen yn Fryslân net oan spyljen ta, mar hat ûnder Ron Jans in basisplak ferovere.