Trekker lûkt caravans fuort

Al it reinwetter fan de lêste dagen soarget foar in soad oerlêst by op kempings. Wikel is ien fan de plakken dy't it slimste troffen is. Dêr foel yn de nacht fan tongersdei op freed mear as 40 milimeter reinwetter.
Guon foartinten stoarten yn troch it wetter. It lân is tige wiet en gasten wolle earder nei hûs of sizze de boekings ôf. Ek is it net mooglik om mei de auto by de caravan te kommen. De caravans wurde dêrom troch in trekker fan it lân helle.