Drugsynfal yn Easterwâlde

De plysje hat tongersdei op de Venekoterwei yn Easterwâlde in ynfal dien fanwege hannel yn harddrugs. Hjirby binne in 31-jierrige ynwenner fan Easterwâlde en in 22-jierrige ynwenner fan Drachten oanhâlden.
De ynfal yn de wente waard dien nei oanlieding fan klachten fan buertbewenners. It pân waard trochsocht mei saneamde drugshûnen. Der is harddrugs en kontant jild oantroffen. De beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.