Bestelbus rydt fytsers oan

27 aug 2010 - 11:27

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in ûngelok fan tongersdei op de Hocquart yn Frjentsjer. Twa fytsers waarden om trije oere oanriden troch in wynreade bestelbus, dy't dêrnei trochriden is.

Ien fan de fytsers, in frou (30) út Frjentsjer, waard krekt troch de bus rekke. Har dochter (6) waard rekke troch de oanhinger en foel. Dêrop is de karre oer har foet riden. It famke rekke licht ferwûne. De plysje is foaral op syk nei de bestjoerder fan in swarte auto, dy't achter de bus ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)