H'fean bliid mei Akkrum e.o.

27 aug 2010 - 09:57

De gemeente Hearrenfean is bliid mei de plannen om Boarnsterhim midstwa te dielen. Neffens it plan komt alles oan de súdkant fan it PM-kanaal by Hearrenfean en alles oan de noardkant by Ljouwert. Troch dy ferdieling krijt Hearrenfean der fjouwer doarpen by en komme se boppe de 50.000 ynwenners.

Neffens boargemaster De Jonge fan Hearrenfean soarget dat foar in folle sterkere gemeente. Der soe yn de nije situaasje folle effisjinter wurke wurde kinne, sa seit De Jonge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)