NNO-konsert ôfblaasd

It fergese konsert fan it Noard-Nederlânsk Orkest yn Ljouwert is tongersdeitejûn net trochgien fanwege de rein. De wyn blaasde de rein oer it poadium en makke de djoere ynstruminten wiet.
Muzikant Carel Kraayenhof, dy't bekend waard doe't hy prinses Maxima gûle liet ûnder harren brulloft, joech noch wol in solo-optreden. Der kamen in pear hûndert minsken nei it optreden.