Doarpen Boarnsterhim fernuvere

Yn ferskate doarpen is mei fernuvering reagearre op it weryndielingsplan fan de gemeente Boarnsterhim. Yn it plan wurdt de gemeente opdield yn trije parten. Earder dit jier binne ferskate ynsprekjûnen hâlden yn de doarpen, dêr't de ynwenners sels oanjaan koene by hokker gemeente sy nei it opheffen fan Boarnsterhim hearre woene.
Dêr is neffens de tsjinstanners fan de plannen úteinlik neat mei dien, wylst dat wol tasein wie.