Bart Helmholt wer de fierste

25 aug 2010 - 22:49

Bart Helmholt hat ek de lêste wedstriid fan de kompetysje wûn. Yn Gryptsjerk ljepte de Frysk kampioen 20.31 meter. Ysbrand Galama waard twadde mei 19.46. By de froulju gong de winst nei Hiske Galama mei 15.30. Nard Brandsma wie de iennichste junior dy't fierder as 18 meter ljepte: 18.40. Gregor Boelens wûn mei in persoanlik rekôr by de jonges: 16.97.

De einwinners fan de klasseminten binne Bart Helmholt, Hiske Galama, Nard Brandsma en Age Hulder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)