Hark. Boys en Snits út beker

© Omrop Fryslân
De beide Fryske amateurploegen yn de KNVB-beker lizze derút. Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart ferlear yn Capelle fan de sneonstopklasser mei deselde namme mei 4-0. Yn de earste helte foelen gjin doelpunten. Nei de 1-0 foar Capelle wie it ferset fan de Snitsers brutsen.
Harkemase Boys ferlear yn Hoorn fan Hollandia mei 4-2. Nei in lyts healoere stie it tusken de beide topklassers al 3-2. Nei it skoft makke de thúsploech 4-2 en wie it dien.