Hijlkema nimt ôfskie yn styl
Afke Hijlkema hat mei it winnen fan de PC ôfskie naam fan de keatssport. Hijlkema wûn mei Maaike Wind en Sjoukje Visser yn de finale fan Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.
Yn de finale gie it lang lykop oant 3-3 en 6-6. Dêrnei rûn it partoer fan Wind út nei 5-3 en 6-6. Afke Hijlkema hat no alve kear de PC wûn en waard ek alle kearen keninginne.