Fleantúch makket needlâning

25 aug 2010 - 19:52

In fleantúch dat ûnderweis wie fan Skylge nei Lelystêd hat woansdei as foarsoarchsmaatregel in lâning makke op in kavelpaad by Nagele. It giet om in Cessna van Aviodrome Luchtvaartfotografie. Boppe de Noardeastpolder waard de motor waarm en wiene der problemen mei de oaljedruk.

Dêrom makke de piloat de lâning op it 3 meter brede betonnen paad. De piloat en de twa passazjiers kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)