Gondelfeart útsteld om rein

25 aug 2010 - 19:40
  • Ien fan de gondels fan ferline jier (foto: Gondelvaart Balk)

De organisaasje fan de Gondelfeart Balk hat it programma tongersdei fanwege it minne waar flink oanpasse moatten. De gondelfeart en de fytstocht binne beide útsteld nei kommende sneon. Om't der in soad rein foarsein is, fynt de organisaasje it net ferantwurde om de aktiviteiten trochgean te litten.

Sa binne der gondels dy't fan papier-masjee makke binne en dus net oer rein kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)