Gjin jild foar Doe Centrum

Ien fan de tekeningen fan it sintrum
It giet dreech mei it Wadden Doe Centrum dat yn Harns komme moat. Boargemaster Scheffer sei woansdei by de iepening fan de fiskerijdagen dat der gjin ynvestearders te finen binne. Dat soe komme troch de ekonomyske krisis.
De boargemaster hopet dêrom op in finansjele bydrage fan de provinsje. Harns hopet mei it sintrum mear toeristen nei de stêd te krijen.