Saailân: plein mei terraskes

25 aug 2010 - 16:32

It Saailân yn Ljouwert wurdt in gesellich plein, mei grien en terraskes. Der moatte ek eveneminten organisearre wurde. De gemeente Ljouwert makket dêrmei deselde kar as it publyk earder yn in enkête die. It gie om trije farianten: ien mei wetter, in strak plein en ien mei grien en terraskes.

De gemeente hat noch jild oer om de Prins Hendrikstrjitte op te knappen foar in bettere oansluting by it nije Saailân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)