Ljouwert wol griene banen

De gemeente Ljouwert wol de kommende fiif jier 500 'griene' banen yn de stêd realisearje. De gemeente wol bedriuwen nei de stêd helje dy't wurkje mei wettertechnology en duorsumheid.
Bedriuwen dy't nei de stêd komme, kinne eventueel yn oanmerking komme foar in startsubsydzje. Se krije help by it sykjen nei in lokaasje foar it bedriuw, by it lizzen fan kontakten mei bygelyks universiteiten en it sykjen fan nije wurknimmers.