'Idee Fan Fryslân ôfsjoen'

De provinsje hat it idee foar de nije toeristyske kampanje 'Fan Fryslân' mooglik ôfsjoen fan it kommersjele buro Friesland Holland. Dat seit direkteur Hendriks fan dat buro. Sy ha sûnt maaie dit jier in ynternetrubryk mei de namme 'Fryslân Fans'.
De provinsje ûntkent. Neffens in wurdfierder wie it inisjatyf fan Friesland Holland net bekend by de provinsje en is it tafallich dat beide kampanjes elkoar wat oerlaapje.