Linda Terpstra keatst lêste PC

It keatsen is oer foar Linda Terpstra. Op de frouljus PC yn Weidum keatste se mei Jindra ten Kate en Harmke Siegersma. Se ferlear it yn de earste omloop fan Maaike Joostema, Maaike Osinga en Aukje van Kuiken mei 5-2 en 6-4. Linda Terpstra krige in blomke. Se kaam emosjoneel fan it fjild ôf.
Ek net fierder as de earste list kamen de partoeren fan Margriet Koelmans, Marie-Jetske Lettinga, Ilse Noorman, Hilda Tjepkema en Sanne Velsma.