Jonge otter fûn

25 aug 2010 - 13:42

By de Tsjonger is woansdeitemoarn in twadde otterjong fûn. Ferline wike waard by Munnikebuorren in deariden froutsjesotter fûn, dy't neffens kenners krekt jonge hie. Sûnt dy fynst wiene de boskwachters skerp oft dy jongen ek te finen wienen.

Moandei waard it earste jong fan in pear wike âld fûn. Beide jongen sille troch Addy de Jongh fan it Otterstation grut brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)