Mei drank op tsjin lantearne

In automobilist (28) út Tytsjerk is tiisdei oanhâlden. Hy wie mei drank op tsjin in lantearnepeal riden yn Mûnein. Hy liet syn auto stean, mar belle de plysje dat syn auto stellen wie. Tsjûgen seagen de man fuortrinnen. Letter joech er syn aksje ta.
Yn in hûs oan de Dirk Boutstrjitte yn Ljouwert hat de plysje tiisdei in himpplantaazje fûn. Der wie in anonime melding. De planten binne ferneatige. In Ljouwerter (28) is oanhâlden.