Henk Drijfhout is ferstoarn

© Omrop Fryslân
Gemeentesiktaris Henk Drijfhout fan de gemeente Hearrenfean is tiisdei samar ynienen ferstoarn. Hy wie opnommen yn it sikehûs fan Drachten. Drijfhout wie sûnt sân jier gemeentesiktaris, dêrfoar wie er sân jier sektordirekteur Romtlike Oardening en Miljeu.
De gemeente hat de meiwurkers op de hichte brocht en seit in 'passionearde gemeentesiktaris' te ferliezen. Henk Drijfhout is sechtich jier wurden.