Warskôging foar gaslek Drylts
Yn Drylts waarden ynwenners woansdei warskôge foar in gaslek. Der wurdt in nij djiprioel oanlein en dêrby wie by fersin in gaslieding rekke troch in stik pún dat meikaam. Minsken dy't tichtby it lek by de Ylostinsleane wenje, krigen dêrom fan de plysje te hearren dat se mooglik it hûs út moasten. De brânwacht kaam om it gat wer ticht te meitsjen. Yntusken is der is gjin gefaar mear foar de ynwenners.
Binnen twa moannen moatte alle wurksumheden oan it rioel klear wêze.