Afke Hijlkema yn sintsje op PC

Yn Weidum is woansdei de frouljus PC begûn. Foardat se los koene, waard Afke Hijlkema fan Nes yn it sintsje set. Se nimt nei dizze wedstriid ôfskied fan it keatsen. Se krige in byld fan Hans Jouta.
Afke Hijlkema hat 15 kear meidien oan de PC en dêrfan 10 kear wûn. Ek waard se 10 kear útroppen ta keningin. Se helle 203 kear in earste priis en 798 punten. Dat is unyk. It partoer fan Afke Hijlkema is favoryt foar dizze frouljus PC.