Krityk op trip Huizinga

Demisjonêr minister Tineke Huizinga krijt flinke krityk fan Twadde Keamerleden. Se hat har mei in privee-jet fanút Italië nei Nederlân fleane litten foar in begruttingsgearkomste. Neffens de Volkskrant koste de flecht hast 12.000 euro. Keamerlid Samsom neamt de aksje op Twitter 'een genante faux-pas'.
Huizinga is skrokken fan de reaksjes en betellet de reis sels werom. Se liet har fleane om't de skoalfakânsje letter begûn wie yn Fryslân.