Fan lân ôf sâlt winne yn see

25 aug 2010 - 10:25

It liket helber om fan lân ôf sâlt te winnen ûnder de Waadsee. Dat sizze Frisia Zout yn Harns en yngenieursburo Arcadis.

Der is de lêste tiid wiidweidich stúdzje dien nei sâltwinning ûnder de Waadsee yn de buert fan Harns. Dêrmei giet neffens de direkteur fan Frisia in winsk fan de Fryske polityk yn ferfulling. It natuerlik lykwicht yn de Waadsee soe net feroarje. Frisia giet ek troch mei sâltwinning ûnder lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)