Deade man yn hûs Ljouwert
Yn in wenning yn Ljouwert hat de plysje tiisdei in deade man fûn. De man waard yn in ûnnatuerlike posysje ûnder oan de trep fûn, yn syn hûs yn de Verstolkstrjitte.
De technyske resjerzje hat ûndersyk dien en giet derfan út dat de man stoarn is nei in ûngelokkige fal fan de trep.