Keunstgerstraapfjild yn Snits

24 aug 2010 - 19:11

Snits krijt yn de wyk Oudvaart it earste keunstgerstraapfjild fan de stêd. It wurdt in saneamde pannakoai, in fuotbalfjild mei in stek der omhinne. Der komt ek in tafeltennistafel en in grutte glydbaan yn it wykparkje. Ferline jier binne der by de brêge oer de Oudvaart al twa boartersplakken ynrjochte.

De bewenners fan de wyk mochten sels útsykje wat se hawwe woene. Alle tastellen binne fan rustfrijstiel, fandalismebestindich en duorsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)