Hynders nei plysje Kolombia

© Omrop Fryslân
Pieter Haijtema fan Heech hat fan de Kolombiaanske plysje de opdracht krigen om trije Fryske hynders te keapjen. It giet om twa hynsten en in merje. Haijtema is hynstehanneler fan berop en hat yn it ferline wol faker hynders levere oan Kolombia, mar hynders leverje oan de plysje, dat wie foar him dochs ek wer wat nijs.
Neist de trije hynders hat de Kolombiaanske plysje ek 240 hûnen yn Europa besteld, dy't ynsetten wurde sille as snuffelhûnen.