Tinte ynsakke troch hurde wyn

24 aug 2010 - 12:35

Troch de hurde wyn fan moandeitejûn is yn Droegeham in tinte ynmekoar sakke. Dêrby binne guon stielen buizen folslein ferbûgd. De tinte wie bedoeld foar de bou fan in gondel foar de Gondelfeart op tsjillen yn septimber.

It bouwurk wie sa'n seis meter breed en seis meter heech. De tinte is ôfbrutsen en de buizen lizze yntusken wer op pallets. De groep moat no op syk nei in nij bouplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)