Hege taksaasjes yn Drachten

24 aug 2010 - 12:16
  • It sintrum fan Drachten.

Eigners fan winkels yn Drachten en It Hearrenfean hawwe te krijen mei hege taksaasjes fan harren winkels troch gemeenten. Guon winkels binne fan it iene jier op it oare 50 prosint mear wurdich. De gemeente kin dan mear belesting freegje.

De Raad Nederlandse Detailhandel warskôget eigners fan winkels foar de ekstreme ferhegingen. Neffens in wurdfierder giet yn guon gefallen om tûzenen euro's yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)