Auto oer de kop by Wytgaard

Auto oer de kop by Wytgaard (foto: Wiebe Veenstra)
In 47-jierrige automobilist út Peize hat moandeitejûn in soad gelok hân. De man fleech op de Weidumerdyk by Wytgaard mei syn auto oer kop. De auto rekke hielendal fernield, mar de man hie sels neat.
De auto kaam njonken de dyk telâne en rekke in beam. Dernei kantele de auto en bleau op de kop op de dyk lizzen. De man waard foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat him neat mankearre.