Drankrider parkeart yn tún
In 56-jierrige Dokkumer mei tefolle drank op is moandeitejûn op it Cromhout yn syn wenplak in tún ynriden. De auto rekke swier skansearre, de bestjoerder hie neat. De plysje trof de man oan by de eigners fan de tún.
Doe't de plysje mei de man yn petear gie, koene se rûke dat hy drank op hie. Hy is oanhâlden. Syn rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal opmakke.