Djoer bosk blommen

24 aug 2010 - 11:37

It opheljen fan in bosk blommen kaam in 69-jierrige Ljouwerter moandei djoer te stean. De man hie syn auto tsjin tolve oere middeis efkes delset op in parkearplak oan de Skrâns yn Ljouwert en hie de kaaien yn it kontakt sitte litten.

Doe't de man werom kaam wie de auto fuort. It giet om in donkerblauwe Peugeot Partner met kenteken 97-BG-XP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)